Filmfestival fan Austin Austin Film Festival | ||
plak en tiid | ||
lân | Feriene Steaten | |
steat | Teksas | |
county | Travis County | |
plak | Austin (Teksas) | |
tiid fan it jier | oktober | |
bysûnderheden | ||
ôfkoarting | AFF | |
soarte evenemint | filmfestival | |
bestean | 1994 – no | |
offisjele webside | ||
austinfilmfestival.com |
It Filmfestival fan Austin (Ingelsk: Austin Film Festival), ôfkoarte ta AFF en ek bekend as Filmfestival & Konferinsje fan Austin (Austin Film Festival & Conference), is in filmfestival dat elts jier yn oktober holden wurdt yn 'e Amerikaanske stêd Austin, de haadstêd fan 'e steat Teksas. It evenemint leit him, oars as de measte oare filmfestivals, yn it bysûnder ta op 'e bydragen dy't senarioskriuwers oan 'e filmyndustry leverje, mei't de organisaasje efter it barren fan miening is dat dy histoarysk ûnderskat binne en ûnderwurdearre wurde. Oan it Filmfestival fan Austin kinne sawol lange as koarte films meidwaan en sawol fiktive produksjes as dokumintêres.
It Filmfestival fan Austin waard foar it earst yn 1994 organisearre, doe noch ûnder de namme Filmhert Senarioskriuwerkonferinsje fan Austin (Austin Heart of Film Screenwriters Conference). It barren duorret fjouwer dagen en bestiet njonken filmfertoanings út paneldiskusjes, petearen mei filmmakkers en senarioskriuwers, workshops en foarbylden fan 'e ûntjouwing fan in skript ta in film. Der komme net inkeld filmleafhawwers op ôf, mar ek filmprodusinten, filmregisseurs, ympressario's, filmstudiobestjoerders en fansels senarioskriuwers, mei't dy lêsten op it Filmfestival fan Austin by útstek yn it sintsje set wurde.
Der wurde op it festival fjouwer prizen útrikt: